Mishanneling yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa manlju oanhâlden op fertinking fan mishanneling. In 18-jierrige man út De Wylgen soe yn in kafee oan de Noardkade in 19-jierrige man slein ha. Dêrby is in rút fan de kroech fernield.
Efkes letter pakte de plysje in 26-jierrige Drachtster op. Hy hie in jonge fan 14 jier in kopstjit jûn. De jonge rekke dêrby licht ferwûne oan gesicht en gebit.