Problemen op Iselmar

08 maaie 2005 - 13:48

Tsientallen boaten binne sneontemiddei troch it minne waar yn de problemen rekke op de Iselmar. Dêrby wiene ek ferskate dielnimmers fan de sylrace Rondje IJsselmeer foar katamarans. Sa'n sechtich boaten binne omgien.

De rêdingsboaten fan Hylpen, de Lemmer, Enkhuzen, Den Oever en Medemblik binne de mar opgien om minsken yn feilichheid te bringen. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De race is yn de rin fan'e middei ôflast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)