Kuier-alvestêdetocht troch Bilt

© Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht foar kuierders giet dit jier foar it earst yn de skiednis fan de tocht oer de Biltdiken troch It Bilt. Dat is fanwege it 500-jierrich bestean fan It Bilt. Fierder meie der ekstra kuierders oan de tocht meidwaan, ek fanwege dat jubileum.
De kuierders waarden freedtemoarn opfongen troch deputearre Anita Andriesen mei sop. Dokkum is freed it finishplak. Sneon wurdt dan de lêste etappe ferrûn fan Dokkum nei Ljouwert.