Nij boek oer alle Fryske plakken

07 maaie 2005 - 17:51

De Friese Pers begjint meikoarten mei de grutste publisiteitskampanje út syn skiednis. Doel fan de Ljouwerter útjouwerij is om it nijste boek fan kultuerhistoarikus Peter Karstkarel oan de man te bringen.

Karstkarel hat alle 419 plakken fan Fryslân beskreaun en fotografearre. It dikke boek wurdt woansdei presintearre. Dêrnei komt der in grutte toernee troch Fryslân fan 15 dagen by alle 419 plakken del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)