Feest yn Aldeberkeap

07 maaie 2005 - 17:08

Aldeberkeap bestiet dit jier 900 jier. Foar de ynwenners in goeie reden om in grut feest te fieren dêr't se har alle 1600 foar ynsette. It jubileum wurdt mei ferskate aktiviteiten fierd en begûn sneon mei in optocht mei as tema: de toekomst trekt de geschiedenis.

Mei in optocht fan tsien praalweinen waard de skiednis fan it doarp útbylde, fan de allerearste bewenners oant de takomst. Fansels kamen op it feest ek in soad âld-Berkeapers ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)