Fertochten brân Grou oppakt

07 maaie 2005 - 17:08
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat trije jonges oanhâlden dy't fertocht wurde fan it yn de brân stekken fan de Halbertsmavilla yn Grou. Ien fan de jonges waard oppakt foar it stellen fan jild en waard doe ek oer de brân befrege. De 14-jierrige Grouster bekende de brân mei twa oaren oanstutsen te hawwen.

De Halbertsmavilla baarnde âldjiernacht foar in part ôf. Nei ferhear mochten de jonges foarearst wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)