"Weryndieling nedich"

07 maaie 2005 - 17:04

In weryndieling fan de seis gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân is net foar te kommen. Dat seit boargemaster Vroegindeweij fan Boalsert.

Neffens har fynt sa'n fúzje tusken Boalsert, Nijefurd, Littenseradiel, Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Wûnseradiel binnen 5 oant 10 jier plak. Yn de gemeenten wurdt no al yntinsyf gearwurke. De Fryske gemeenten wolle foar 1 jannewaris dúdlikens ha oer de bestjoerlike takomst fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)