Feriening foar juridyske aksje
De huzebesitters fan Zuiderburen yn Ljouwert hawwe in spesjale feriening oprjochte. Sa wolle sy Ljouwert juridysk oanpakke, mocht dat nedich wêze. De bewenners fan de wyk fine dat se foar de gek hâlden binne troch de gemeente.
Sa binne der plannen om op it plak dêr't in bosk oanlein wurde soe, huzen te bouwen en in golfbaan oan te lizzen. As dit trochgiet dan kin de gemeente rekkenje op skeaclaims.
Trefwurden:
argyf