31e HT-sloeperace út ein set

© Omrop Fryslân
De HT-sloeperace is freedtemoarn wer út ein set. Der dogge dit jier 131 sloepen mei oan dizze jierlikse wedstriid fan Harns nei Skylge. De race wurdt dit jier alwer foar de 31e kear hâlden. De organisaasje ferwachtet dat de dielnimmers it swier krije mei in wynkrêft 5, 6. Fanwege de feiligens moatte alle sloepen dit jier foar it earst ferplicht termotekkens oan board hawwe.