Fryske kostúms nei Parys

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum hat trije belangrike kostúms út de kolleksje beskikber steld foar in grutte moade-útstalling yn Parys. Yn it moademuseum dêr wurdt in byld jûn fan de Frânske moade yn de tiid fan de ferlichting.
Neist Frânske kostúms binne der ek in tal Nederlânske kostúms te sjen, dêrfan dus trije út Fryslân. It topstik foar de Frânsen is it kostúm fan in Hylper breid. Nei Parys is de útstalling fan 't hjerst yn Den Haach te sjen.