Frou oanhâlden foar brânstifting

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn in 53-jierrige frou út Appelskea oanhâlden op fertinking fan it yn brân stekken fan har eigen hûs. De brân waard even nei healwei tsienen melden fanút de wenning oan de Van Emtswei.
It bêd fan de frou stie yn de brân, wylst se sels yn de wenkeamer wie. De boppeferdjipping fan de wenning baarnde folslein út. De frou is ynsletten. Se wie yn de war.