Gjin terras by biblioteek

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Undernimmingsferiening LEON stipet de beslissing fan de gemeente Ljouwert om gjin terras neist de iepenbiere biblioteek ta te stean. De feriening fynt net dat hoareka dêr in belangrike rol spylje mei.
Neist de gemeente Ljouwert is ek de Advyskommisje Beswierskriften tsjin de komst fan in terras. De PvdA yn de gemeenterie is it lykwols wol iens mei de biblioteek. De partij komt mei in útstel yn de gemeenterie.