Man mishannele by Folsgeare

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige man út Nijlân is tongersdeitejûn mishannele op de Tsjearddyk by Folsgeare. Hy woe mei syn auto fjouwer auto's ynhelje, doe't ien fan de fytsers útwykte. De auto kaam dêrby yn de berm telâne.
Der ûntstie in tsierderij wêrby't de útwykte fytser de man út Nijlân klappen tsjin de holle joech. De man koe letter op oanwizings fan tsjûgen oanhâlden wurde yn in kafee yn Nijlân.