Bromfytser swier ferwûne
In 19-jierrige bromfytser is tongersdeitejûn swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs yn Grins, neidat er yn Drachten in ûngelok hân hie. Hy rekke op De Greide de macht oer it stjoer kwyt.
Dat barde nei alle gedachten troch in drompel yn de dyk. Hy ried tsjin de stoeprâne oan en foel. De traumahelikopter waard ek oproppen, mar de jonge is ûnder plysjebegelieding mei de ambulânse ferfierd.