'Mear strân-ynfo Skiermûntseach'

06 maaie 2005 - 12:06

Op Skiermûntseach moatte ek by de strânoergongen fan de Bergweg en it Westerhofpad ynformaasjebuorden komme om it publyk te wizen op ûnfeilige sitewaasjes op it strân. Dat fynt de riedsfraksje fan Ons Belang. By oare strânoergongen steane al sokke buorden.

It kolleezje fûn it pleatsen fan buorden by de Bergweg en it Westerhofpad minder urgint, omdat dy oergongen fral troch eilanners brûkt wurde soene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)