Granaat fûn by azc Dokkum

06 maaie 2005 - 11:23

Woansdeitejûn is yn in sleat achter it azc fan Dokkum in granaat fûn. In befeiligingsmeiwurker fan it azc warskôge de plysje en it Explosieven Opruimingscommando. Al gau die bliken dat it om in oefengranaat gie en net om in gefaarlik eksplosyf.

De plysje hat gjin idee hoe't de granaat yn de sleat bedarre is. It soe te krijen ha kinne mei in grutte legeroefening dy't koarlyn yn de buert holden is, mar wis is dat net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)