'Dieders Nijlân alle 3 skuldich'

© Omrop Fryslân
De trije jonges dy't derfan fertocht wurde dat se de 54-jierrige eigner fan kafee Nijlân yn Ljouwert ombrocht ha, wurde dêr mei elkoar ferantwurdlik foar hâlden. Dat seit justysje yn Ljouwert.
De jonges oerfoelen it kafee yn jannewaris mei har trijen, omdat se op jild útwiene foar har lúkse manier fan libjen. Ien fan de fertochten stuts de eigner mei in mes yn de hals. Dy kaam dêrtroch om it libben. De saak komt ynkoarten foar de rjochter.