Bosvelt offisjeel presintearre

05 maaie 2005 - 14:40
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hat woansdei offisjeel middenfjilder Paul Bosvelt presintearre. Hy komt fan Manchester City en tekenet in kontrakt foar twa jier. Beide partijen sille foar 1 april evaluearje en besjen oft de gearwurking foldocht.

Daniel Berg Hestad giet definityf werom nei Noarwegen. De hierlingen Calincov en Sikora komme takom seizoen net mear werom. It kontrakt mei Prager is ferlingd oant 2008.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)