Skoarstien Drylts bliuwt dochs

05 maaie 2005 - 13:27

De skoarstien fan it Nooitgedagtfabryk yn Drylts bliuwt definityf stean. Boargemaster en wethâlders fan Wymbritseradiel ha besletten om de winsk fan de gemeenteried út te fieren. Dy seit dat de piip net sloopt wurde mei om plak te meitsjen foar huzebou.

En dat wylst trije jier lyn troch deselde ried besletten wie dat de skoarstien delhelle wurde moast. In soad Drylsters wolle de piip as monumint bewarje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)