Flaggemêsten by tsjerken

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel lit flaggemêsten delsette njonken de tsjerken yn Burgum, Jistrum en Sumar, sadat der woansdei en tongersdei toch flagge wurde kin.
De gemeente wol de flaggen net op de tuorren ha, omdat it te gefaarlik is om se troch de kosters omheech bringe te litten. De tuorren sille feiliger makke wurde, mar dat koe net op 'e tiid foar 4 en 5 maaie regele wurde. Omdat dit dochs dagen binne wêrop't flagge wurde moat, komme der mêsten.