Opsporing Verzocht oer stellerij

04 maaie 2005 - 17:11

Yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt no moandei omtinken jûn oan mear as 700 saken dy't yn beslachnaam binne troch de plysje yn Noard- en East-Nederlân.

It giet om stellen guod, lykas skilderijen, sieradeguod, klokken en antyk. It grutste part fan it guod is stellen by ynbraken yn it Noarden en Easten fan it lân. De plysje wol net sizze by hokker ynbraken it guod stellen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)