Kontrole hoareka fanwege 4 maaie

© Omrop Fryslân
De plysje sil der woansdeitejûn yn Harns om tinke dat de hoareka gjin oerlêst feroarsaket ûnder de jierlikse deadebetinking.
Hoarekasaken yn Harns meie jûns op 4 maaie gjin terrassen ynrjochtsje, se meie de muzyk net te lûd ha en dy moat ek oanpast wêze oan de situaasje. Ferline jier hawwe twa saken har net oan dy bepalingen hâlden. Dêrom sil der woansdeitejûn ekstra om tocht wurde.