Wiersma foarearst 6e op WK

04 maaie 2005 - 12:09

Dammer Harm Wiersma fan Goutum hat yn de fjirde ronde fan it wrâldkampioenskip blyndamjen remize spile tsjin de Rus Alexei Tsjisjov.

Wiersma stiet no mei trije punten út trije wedstriden op it dield sechde plak. Lieder is Alexander Schwarzman út Ruslân, mei fiif punten út fjouwer partijen. Mei inoar giet it WK blyndamjen oer njoggen ronden. Wiersma docht foar it earst sûnt it EK yn 1999 wer mei oan in yndividueel toernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)