Diken Haskerfeanpolder gefaarlik

© Omrop Fryslân
De diken yn de Haskerfeanpolder binne sa gefaarlik dat se noch dizze simmer opknapt wurde moatte. De gemeente Skarsterlân is benaud foar skeaklaims.
B en w wolle dat de gemeenteried 1,25 miljoen euro beskikber stelt foar it werstel fan de diken. De oarsaak soe lizze yn in ferleging fan it wetterpeil. Skarsterlân hat in saak oanspand tsjin Wetterskip Fryslân. At dy saak wûn wurdt, wol de gemeente de kosten ferhelje op it wetterskip.