Tryater spilet net op Oerol

03 maaie 2005 - 09:44

Tryater spilet it stik Rolling Home net op it Oerol-festival op Skylge. Dat soe te djoer wurde, omdat der mar in pear kear spile wurde kin. Tryater spilet leaver op de fêste wâl, sadat it faker kin en dus mear opbringt. It selskip hat te krijen mei minder subsydzje.

De organisaasje fan Oerol fynt it spitich dat Tryater net komt. It selskip kin net faker spylje, omdat dat dan tefolle konkurrinsje foar oare acts betsjut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)