Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige Ljouwerter is sneontejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De fertochte hie op it Ruterskwartier rúzje krigen mei in Ljouwerter en hie him yn it gesicht slein.
Hjirtroch is it slachtoffer in pear tosken kwytrekke. De fertochte koe oanhâlden wurde op oanwizing fan tsjûgen. Hy sit fêst foar ûndersyk. Wat de oanlieding foar de rúzje wie, is net bekend.