Nije radiostjoerder Nationaal FM

02 maaie 2005 - 16:58

Fryslân hat der sûnt sneon wer in radiostjoerder by, Nationaal FM. Op de stjoerder wurdt allinnich Nederlânske muzyk draaid fan foaral regionale artysten. Nationaal FM is betocht troch twa ynternetûndernimmers út Ljouwert.

Troch de radiokontrôletsjinst binne hast alle piratestjoerders út de loft helle. Mar de rop om Nederlânsktalige muzyk is sa grut dat yn Fryslân in twadde kommersjeel stasjon mooglik liket. Radio NL út Snits is der ek al.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)