Fortuyn-betinking yn Ljouwert
It bestjoer fan de LPF-ôfdieling yn Ljouwert sil op freed 6 maaie in spesjale betinkingsbyienkomst organisearre foar partij-oprjochter Pim Fortuyn. Op dy dei is it trije jier lyn dat Pim Fortuyn op it Mediapark yn Hilversum om it libben brocht is.
Pim Fortuyn wie op 6 maaie fan doel om de jûns nei Ljouwert ta te gean foar in ferkiezingsjûn yn it eardere Van den Berg State yn Ljouwert.
Trefwurden:
argyf