Minnertsgea wint yn Weidum

© Omrop Fryslân
Minnertsgea hat de tradisjonele keatsiepening yn Weidum wûn. Yn de Bangma Party foar ôfdielingspartoeren wiene Cornelis Terpstra, Jacob Wassenaar en Chris Wassenaar yn de finale mei 5-0 en 6-0 te sterk foar it trio fan Grins. It tredde plak gie nei it partoer fan Ljouwert.
By de útnoegingsparty yn Raerd foar froulju gie de winst nei Hilda Tjepkema, Hermanna Miedema en Idske Zijlstra.