Hearrenfean wint fan Feyenoord
SC Hearrenfean hat sneintemiddei tige goede saken dien yn de race om Europeesk fuotbal. De ploech hat nammentlik mei 1-3 wûn fan Feyenoord. Yn de 15e minút kwam de ploech op foarsprong troch in goal fan Mika Väyrinen.
Dirk Kuijt makke yn de 37e minút de lykmakker. Väyrinen wist lykwols trije minuten dêrnei alwer te skoaren. Yn de 78e minút besliste Petter Hansson de wedstriid en waard it 1-3.
Trefwurden:
argyf