Skeel by biste-ambulânse

© Omrop Fryslân
Der binne problemen by de biste-ambulânse fan Ljouwert. Dat seit in groep frijwilligers. Sy ha it fertrouwen yn it bestjoer opsein, omdat dat net goed funksjonearje soe. Se ha it wurk dellein, omdat it bestjoer net yngiet op har eask om ôf te treden.
De foarsitter fan it bestjoer ûntkent dat der problemen binne. Sy seit dat der seis fan de 38 frijwilligrs opstapt binne. It wurk fan de biste-ambulânse giet gewoan troch.