Bosvelt nije spiler Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Paul Bosvelt spilet mei yngong fan it nije seizoen foar Sportclub Heerenveen. De 35-jierrige middenfjilder tekent in kontrakt foar twa jier. Bosvelt komt oer fan it Ingelske Manchester City. Dêr spilet hy foar it twadde seizoen.
Bosvelt kaam 24 kear út foar it Nederlânsk alvetal. Yn 1989 begûn er by Go Ahead Eagles, hy spile dêrnei noch by FC Twente en Feyenoord. Woansdei komt de nije spiler nei Fryslân.