Oprop foar kamera's yn bus

30 apr 2005 - 16:13

Yn bussen moatte befeiligingskamera's komme. Dat wol bussjauffeur De Jong fan It Hearrenfean. Hy is mishannele troch in passazjier en sit mei in ôfskuorde pees thús.

De passazjier wegere op it busstasjon fan Emmeloord om in ekstra taslach fan 90 sinten te beteljen. Dy taslach freget Arriva foar it reizgjen mei in ynterliner yn de spits. De Jong is al 38 jier bussjauffeur en hat soks noch nea earder meimakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)