Fryske band Icepick op Wâldrock

29 apr 2005 - 15:52

De Fryske hardcore-band Icepick sil dit jier it Wâldrockfestival yn Burgum iepenje. De fiif bandleden út Koatstertille ha krekt har earste album útbrocht, mar ha al faak optreden mei oare bands.

Mei it optreden fan Icepick is de programmearring fan it metalfestival rûn. Grutte nammen binne Dimmu Borgir, Megadeth en Mastodon. De foarferkeap foar Wâldrock is al út ein set. It festival is op 4 juny yn Burgum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)