Winkelhert Bûtenpost moat moaier

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen lûkt 300.000 euro út foar it opknappen fan de winkelstrjitte yn Bûtenpost. Wethâlder Willem van der Wal makket wol de betingst dat de winkellju yn de Kerkstraat sels ek meibetelje sille.
De feriening fan winkellju en Pleatslik Belang ha der by de gemeente al langer op oantrune om de strjitte ûnder hannen te nimmen. De rekonstruksje fan de Kerkstraat hat in hege prioriteit, sei Van der Wal tongersdei tsjin de ried.