Mooglik mear baden selsstannich

29 apr 2005 - 10:57

Nei it swimbad yn Haulerwyk, giet ek it boskbad yn Appelskea mooglik selsstannich fierder. Yn dat gefal bliuwt de stifting swimbaden yn Eaststellingwerf sitten mei 20 personielsleden foar allinnich it bad yn Easterwâlde.

Op dit stuit hat de stifting noch twa baden: it boskbad yn Appelskea en De Boekhorst yn Easterwâlde. De gemeente stekt dêr alle jierren 400.000 euro yn, mar dochs is der in grut tekoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)