Wetterstannen op site wetterskip
Op de website fan Wetterskip Fryslân binne no ek de wetterstannen te folgjen. Op www.wetterskipfryslan.nl binne ek de delslach-sifers te finen. In grafyk jout oan wat it ferbân is tusken de delslach dy't fallen is en de wetterstân.
Op de site binne ek ferskate gemalen en slúzen te sjen. Dêr komme de lokaasjes fan 'e rioelsuverings-ynstallaasjes en de kantoaren fan Wetterskip Fryslân meikoarten noch by.