Studinten wurkje yn Natuermuseum

29 apr 2005 - 10:04

It Natuermuseum Fryslân en it Van Hall Ynstituut yn Ljouwert ha tongersdei yn it museum in yntinsjeferklearring ûndertekene foar gearwurking. Under de namme 'De Museumpraktijk' begjinne de oplieding Diermanagement fan it Van Hall en it Natuermuseum in learbedriuw.

In ploechje studinten fan de oplieding Diermanagement sil meiwurkje yn de organisaasje fan it museum. De studinten sille har ûnder oaren dwaande hâlde mei foarljochting en edukaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)