Jildpine by Moerborch H'fean

© Omrop Fryslân
By de fjouwer soarchsintra fan stifting Moerborch op It Hearrenfean binne grutte finansjele problemen. It giet om Marijke Hiem, Herema State, Coornhert State en ferpleechhûs Schotanus. Der binne tekoarten ûntstien om't der foar in tal funksjes te folle personiel is.
Boppedat ha de wurknimmers yn ferhâlding in soad tsjinstjierren, wat ek djoer útpakt. De direkteur fan Moerborch sit no siik thús en de Rie fan Tafersjoch nimt syn taken oer.