Nije banen by FEC

© Omrop Fryslân
De ferhuzing fan de beurzen yn de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren nei it FEC yn Ljouwert smyt hûnderten banen op yn Fryslân. Fan takom jier ôf giet de Prins Bernhardhoeve ticht om't dy al tiden mear kostet as dat er jild opbringt.
De aktiviteiten en de wurkgelegenhied ferhuzje mei nei Fryslân. Foar it personiel yn Súdlaren sil besocht wurde in ta in sosjaal plan te kommen.