Oplichters oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat fjouwer manlju oppakt fanwegen oplichting. It giet om manlju út Arnhem, Raalte en Doetinchem. Se binne tusken de 37 en 44 jier. Se ha op ferskate plakken yn Nederlân âldere minsken oplicht troch har foar te dwaan as meiwurkers fan in enerzjybedriuw. Dat is ek yn Ljouwert en Drachten bard.
De oplichters seine tsjin minsken dat se evakuearje moasten fanwegen in lek. Sagau't de slachtoffers it hûs út wienen, waard der guod stellen.