Sonac mei wykeins net wurkje

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Sonac yn Burgum sil definityf net mear yn de wykeinen oan it wurk. Dat hat de direksje besletten neidat de Raad van State woansdei útsprutsen hat dat de twangsom fan de provinsje handhavene wurdt.
De provinsje wol dat Sonac 25.000 euro betellet as it bedriuw bûten de normale wurktiden oan de slach giet. Sonac hat no net genôch kapasiteit om it wurk om te kinnen. Neffens de direksje hat it beslút ek gefolgen foar it tal personeel