'Seppelin-flechten boppe Waad'

28 apr 2005 - 12:18

Yn it noardwesten fan Fryslân moat in seppelin-haven komme. Seppelins kinne ynset wurde om toeristen rûn te fleanen boppe it Waad en de noardwestkust.

Mei dat idee kaam âld-boargemaster Jansema fan Harns woansdei op in diskusjejûn oer de besteging fan it Waadfûns. Dat fûns wurdt ynkoarten troch it Ryk ynsteld as kompensaasje foar de gaswinning yn de Waadsee. Jansema tinkt dat sa'n foarsjenning in soad toeristen lûke sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)