ICT-club foar Noard-Nederlân

28 apr 2005 - 11:00

Yn it plak Eén-West, dêr't de trije noardlike provinsjes oaninoar grinzje is woansdei de ICT-feriening Noard- Nederlân oprjochte. De feriening moat derfoar soargje dat ICT-bedriuwen yn it Noarden mear gearwurkje. Sa moatte der gruttere klanten út it westen fan it lân binnenhelle wurde. Dêrneist moatte de noardlike bedriuwen sa ek better promoate wurde yn de rest fan it lân.

It inisjatyf komt fan de sechstich leden fan de ICT-feriening Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)