Gjin klacht oer stipe Atoglas

28 apr 2005 - 06:59
Foto: Omrop Fryslân

De Nederlânske oerheid tsjinnet foarearst gjin klacht yn oer it memmebedriuw fan Atoglas by de Europeeske Kommisje. Dat hat steatssiktretaris Van Gennip antwurde op fragen fan keamerlid Kortenhorst. Atoglas slút de festiging yn Ljouwert dy't op himsels goed draait.

Yn Frankryk krijt it bedriuw stipe. Dat soe ûnearlike konkurrinsje wêze en dus kin Atoglas yn Ljouwert iepen bliuwe. Van Gennip seit de saak te ûndersykjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)