Plysjes fan Flylân nei rjochter

27 apr 2005 - 23:59
Foto: Omrop Fryslân

Twa plysjes fan Flylân stappe nei de rjochter. Se wolle sa harren fertrek oanfjochtsje. Fanwege persoanlike rúzjes wurde alle 6 plysjes op it eilân per 1 maaie oerpleatst nei de fêste wal.

De twa dy't nei de rjochter stappe ha in hûs op it eilân en binne belutsen by tal fan aktiviteiten op Flylân, lykas de rêdingsboatmaatskippij en de pleatslike gymnastykferiening.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)