Premjêre Kameleon yn 11 stêden
De twadde film oer de Kameleon giet op in bysûndere manier yn premjêre. Der komt net ien, mar alve earste foarstellings. Dy wurde hâlden yn alve stêden, wêrûnder Hoogezand, Snits, Ljouwert, Amsterdam en Den Bosch.
Op 15 juny wurdt by de Bonkefeart it startskot jûn fan dizze 'alvestêdetocht'. De alderearste premjêre is dan yn Hoogezand. De film draait fan ein juny ôf yn de bioskoop.
Trefwurden:
argyf