Aris leit út de play-offs

© Omrop Fryslân
Foar basketbalklub Aris út Ljouwert is it seizoen dien. Tiisdei waarden de Ljouwerters yn de earste omgong fan de play-offs útskeakele troch Nijmegen. Dy ploech wie mei 99-81 te sterk foar Aris. De basketballers koene in achterstân fan 20 punten út de earste perioade net mear goedmeitsje.
Dochs oerhearsket tefredenheid by Aris, want de ploech fan coach Tom Simpson die it mei in sande plak yn de kompetysje poerbêst.