Plysje Flylân oerpleatst

© Omrop Fryslân
It folsleine plysjetiim fan Flylân wurdt troch de lieding oerpleatst nei de fêste wâl. Reden foar de ferhuzing binne ûnderlinge spanningen. De seis plysjeminsken hawwe mei yngong fan 1 maaie in baan krigen yn in oar distrikt.
Wêr't it skeel op Flylân oer gie, is net bekend. De plysje wol der neat oer sizze. It soe gean om in ynterne oangelegenheid. It is foar it earst dat in folslein tiim fan in eilân oerpleatst wurdt.