Jonge Feansters winne mei 0-1

© Omrop Fryslân
Jong-Heerenveen hat moandei mei 0-1 wûn fan Jong-NAC. De Feansters spilen út yn Breda. Yn de 37ste minút skoarde Martijn Barto.
Jong-Heerenveen wie dúdlik sterker. De ploech hie yn de twadde helte ek noch in pear kânsen. De Feansters hawwe no 32 punten út 22 wedstriden. Se steane sande yn it klassemint. Jong Cambuur spile yn Deventer mei 1-1 lyk tsjin de Go Ahead Eagles. Martijn Roosenburg makke de iennichste Ljouwerter goal.